'Feanhoopfestival mei offisjeel'

27 maaie 2005 - 10:32

De gemeente Smellingerlân wol it bestimmingsplan foar it terrein fan it Feanhoopfestival oanpasse. Foar it muzykfestival dêr't alle jierren in soad minsken op ôfkomme, jildt no in evenemintefergunning. Fan de Rie fan Steat moat in evenemint ûnder in bestimmingsplan falle.

De Stichting Doarpsfeesten De Feanhoop hat de gemeente sels frege om in oanpassing. It Feanhoopfestival is dit jier fan 23 oant en mei 26 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)