Taalsubsydzje inkeld nei Snits

27 maaie 2005 - 10:31

Snits is de iennige Fryske gemeente dy't in skeakelklas foar bern mei in taalachterstân krijt. De oanfraach fan Achtkarspelen en Ljouwert dêrfoar is ôfwiisd. Underwiisminister Van der Hoeven wol yn tweintich gemeenten mei sokke skeakelklassen begjinne.

Der binne 400.000 bern mei in achterstân yn taal, benammen yn 'e Rânestêd, yn Seelân en Fryslân. Ljouwert en Achtkarspelen hawwe in protestbrief stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)