Drugssaak Boalsert foar rjochter

© Omrop Fryslân
Der binne tongersdei swiere selstraffen easke tsjin in groep ynwenners fan Boalsert dy't fertocht wurde fan drugshannel. Tsjin ien fan de fertochten is trije jier sel easke om't er trije jier lang harddrugs ferkocht hat oan minderjierrigen. Sân fan de acht fertochten yn de leeftyd fan 19 oant 42 jier moasten foarkomme.
Yn maart waard in bende fan 30 jongeren tusken de 15 en de 20 jier oprôle. Sy hannelen ûnder oaren yn xtc en speed.