Toeristebelesting Snits omheech

© Omrop Fryslân
Toeristen yn Snits moatte tenei 40 persint mear oan toeristebelesting betelje. De belesting giet flink omheech om in ein te meitsjen oan it grutte ferskil mei de omlizzende gemeenten. Dêr wie de toeristebelesting goed twa kear sa heech.
It ferskil wurdt sa wol lytser, mar Snits bliuwt fierút de leechste fan de gemeenten yn de Súdwesthoeke. De gemeente slút net út dat it taryf yn de takomst noch fierder omheech giet.