Van der Mark wol gjin ôfskie rie

27 maaie 2005 - 09:01

De bysûndere riedsgearkomste fan de gemeente Flylân dy't foar it ôfskie fan boargemaster Van der Mark hâlden wurde soe, giet op syn útdruklik fersyk net troch. Yn sa'n spesjale riedsgearkomste hâlde de riedsleden taspraken wêryn't se wêrom sjogge op de amtstermyn fan de boargemaster.

Van der Mark stelt dêr gjin priis op, om't de ferhâlding tusken Van der Mark en syn riedsleden bot fersteurd is. De ôfskiedsresepsje giet wol gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)