'Bagger is goede boustof'

26 maaie 2005 - 16:36

De provinsje set in kampanje op om it imago fan bagger te ferbetterjen. Dat is nedich om gemeenten en boargers safier te krijen dat se makliker mei- wurkje oan it opnij brûken fan bagger.

Oant no ta moat it frijkommende slib hast altyd nei depots brocht wurde. Mar de lêste jierren binne proefprojekten dien mei it brûken fan de bagger yn bygelyks wâlskanten. Sa kin miljoenen besparre wurde, mar faak binne omwenners derop tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)