Net mear drokte op earste help

26 maaie 2005 - 09:43

De hûsdoktersstaking soarget net foar folle mear drokte op de earste helpôfdielings fan de Fryske sikehûzen.

By sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum wie it mei ien pasjint mear as normaal net drok. Sikehûs MCL yn Ljouwert meldt dat der wol mear minsken belje mei fragen oer sykteferskynsels. Dat jildt ek foar sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Omdat de hûsdokters trije dagen stake, wurde de needgefallen trochstjoerd nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)