Dokters yn staking

26 maaie 2005 - 07:00

De Fryske húsdokters binne woansdei mei kollega's út it hiele lân foar trije dagen yn staking gien tsjin de plannen fan minister Hoogervorst. Siken kinne gewoan belje mei de dokter, mar wurde trochferwiisd nei in ferfanger. Yn hiel driuwende gefallen kin belje mei it sikehûs ek.

Bart der wat slims mei de pasjinten, rekkenje de doktoaren harren dat bot oan, seit de Fryske stakingslieder Van Kapel. Mar stake kin echt net oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)