Mooglik fúzje twa sikehuzen

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in fúzje tusken de sikehuzen Nij Smellinghe yn Drachten en De Tjongerschans op It Hearrenfean. Neffens direkteur Van Leerzum fan De Tjongerschans binne beide sikehuzen foar de takomst te lyts om grutte ynvestearrings oan te kinnen.
De sikehuzen binne op it stuit dwaande mei in ûndersyk nei de foar- en neidielen fan sa'n fúzje. De útkomsten moatte yn de rin fan dit jier bekend wêze.