Subsydzje foar sanearing freegje

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte gau subsydzje oanfreegje foar de sanearing fan eardere gasfabrykterreinen. Dat seit deputearre Baas.
Mei inoar moatte yn Fryslân 14 terreinen fan âlde gasfabriken skjinmakke wurde. Dat kostet 35 miljoen euro. De helte dêrfan wurdt betelle troch it ministearje fan VROM. As gemeenten dat jild net gau opfreegje, giet it miskien nei gemeenten bûten Fryslân, tinkt Baas.