Asja iepenet learhûs

© Omrop Fryslân
Tsientallen fammen yn Fryslân dy't twongen binne ta prostitúsje en derút wolle, moatte yntinsyf begelaat wurde. Dêrfoar iepene frouljusopfang Asja woansdei in saneamd learhûs.
Dêr krije eks-hoerkes trening om selsstannich wenje te kinnen. Se moatte earst noch wol in heal jier opfongen wurde troch Asja. Op in geheime lokaasje is no plak om twa fammen te begelieden. Asja sil ek foarljochting op skoallen jaan.