Plan foar film Dankert & Dankert

© Omrop Fryslân
Der wurdt mooglik in film makke fan de earste trije ôfleveringen fan Dankert & Dankert, de opfolger fan Baas boppe Baas. De film soe dan ek fertoand wurde kinne op it Noordelik Film Festival.
Dankert & Dankert is in advokatesearje, basearre op ferhalen fan de bruorren Hans en Wim Anker. De earste trije ôfleveringen gean oer de swarte ingel, in ferpleechkundige dy't beskuldige wurdt fan moard. Regisseur Steven de Jong siket noch nei akteurs.