Hanson nei Sweeds Alvetal

25 maaie 2005 - 16:18

Ferdigener Petter Hanson fan Sportclub Hearrenfean is selektearre foar it nasjonale alvetal fan Sweden. It team spilet op 4 juny de kwalifikaasjewedstriid foar it Wrâldkampioenskip tsjin Malta. Op 8 juny folget ek noch in freonskiplik duel tsjin Noorwegen.

Ek Erik Edman en Marcus Allbäck, âld-spilers fan SC Hearrenfean, binne ek oproppen foar it nasjonale team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)