Ynfojûn oer autofernieler

© Omrop Fryslân
De plysje is tefreden oer de spesjale ynformaasjejûn foar slachtoffers fan in autofernieler út Wolvegea. De jûn wie organisearre tegearre mei Slachtofferhulp. De 44-jierrige Wolvegeaster hie op 13 maaie santjin auto's fernield. Hy wie op dat stuit yn de war. Omdat de fernielerij foar opskuor soarge, hawwe plysje en slachtofferhelp besletten der in jûn foar te belizzen. Trettjin dupearren kamen derop ôf.