Ketellapper: legaal thús bakke

© Omrop Fryslân
Koekebakker Joop Ketellapper út Dolsterhuzen hat in nij plak foar syn thúsbakkerij. Dêrmei komt in ein oan it skeel mei de gemeente Lemsterlân. Dy fynt dat de aktiviteiten yn syn hûs te bedriuwsmjittich binne.
Flakby syn hûs hat Ketellapper no in pleats kocht. Dêr wol er in galery en in lytse bakkerij begjinne. De pleats stiet yn de buorgemeente Skarsterlân. Dy gemeente hat gjin problemen mei de bakkersaktiviteiten fan Ketellapper.