Skylge wol op Wrâlderfguodlist

25 maaie 2005 - 15:57

Skylge wol op de Wrâlderfguodlist fan de Unesco, sa hat de gemeenteried tiisdei besletten. Yn april hat de ried fan Amelân noch tsjin pleatsing op de list stimd. De eilânbewenners dêr binne benaud dat se mei lestige regels te meitsjen krije sille, as it Waad op de list komt te stean.

De Wrâlderfguodlist jout de Waadsee in soarte monumintestatus. Flylân en Skiermûntseach hawwe ek oanjûn dat se foar pleatsing op de list binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)