Mooglik nijbou Leger des Heils

25 maaie 2005 - 15:43

It Leger Des Heils hat plannen foar nijbou yn Ljouwert. De gemeente Ljouwert hat dêr twa stikken grûn foar beskikber steld yn de wyk Bilgaard. It giet dan om in nij tsjerklik gebou. It karakteristike gebou op de Tunen, dat no yn gebrûk is as tsjerke, moat ferkocht wurde.

De earste besichtiging foar mooglike keapers wie woansdeitemiddei en oer in wike nochris. Op 8 juny moat dan dúdlik wurde oft it gebou ferkocht wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)