Jeroen Drost yn Oranje

24 maaie 2005 - 16:59

Jeroen Drost (18) fan Sportklub Hearrenfean is opnommen yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal ûnder de 20 jier. Dat hat bûnskoach Foppe de Haan tiisdeitemiddei bekend makke.

Drost is mei noch 20 oare spilers selektearre foar it wrâldkampioenskip dat fan 10 juny ôf yn Nederlân ferspile wurdt. Ajax en AZ leverje beide fjouwer spilers. Nederlân begjint it toernoai op 10 juny tsjin Japan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)