'Caparis moat himp kweke'

24 maaie 2005 - 15:14

It kweken fan himp moat Caparis út de finansjele soargen helje. Riedslid Sjoukje Akkermans fan de Partij fan de Arbeid yn Smellingerlân tinkt dat in wytkwekerij ûnder tafersjoch neist in soad jild ek wurkgelegenheid opsmyt.

Caparis makket him soargen oer de takomst om't in soad produksjewurk nei lege leane-lannen ferdwynt. De fraksjes fan it CDA en de ChristenUnie wize de plannen ôf. De rest stipet it plan of tinkt der noch oer nei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)