Betize man fernielt auto's

© Omrop Fryslân
In man dy't yn 'e war wie hat op 13 maaie in grut tal auto's fernield yn Wolvegea. De man waard oan it begjin fan de jûn oppakt, doe't er in dûk skopt hie yn in auto. Neidat er frijlitten wie, fernielde er noch in grut tal auto's. Hy waard oppakt troch buertbewenners en oerdroegen oan de plysje.
Om mear ynformaasje te jaan oer dizze saak, hâlde plysje en slachtofferhulp tiisdei in byienkomst foar de buert.