Finansjele stipe foar Logeerhuis

23 maaie 2005 - 10:01

It Logeerhuis op it Hearrenfean krijt 1.500 euro fan útfeartfersoarger Monuta. It jild is ûnder oare bedoeld foar de oankeap fan boartersguod. Yn it Logeerhuis kinne bern mei stoarnissen as ADHD en PDD-NOS in wykein útfanhûzje. Har âlden kinne sa even ta rêst komme.

It Logeerhuis is in partikulier inisjatyf en iepene novimber ferline jier syn doarren. It jild fan Monuta wurdt it kommend wykein oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)