Ekstra lokaal foar De Lichtbron

© Omrop Fryslân
Kristlike basisskoalle De Lichtbron yn Bûtenpost mei in ekstra lokaal bouwe. De gemeente Achtkarspelen is ree dêr 241.000 euro foar út te lûken. It giet om ferfanging fan in houten needlokaal, dat al jierren by de skoalle stiet.
Neffens de regels hat De Lichtbron gjin rjocht op in ekstra lokaal, de gemeente wol lykwols in útsûndering meitsje. Dat wurdt dien fanwege de minne tastân fan it needlokaal. Op De Lichtbron sitte 230 learlingen yn 13 lokalen.