Brânwachtwedstriid yn Drachten

23 maaie 2005 - 07:42

It gebou fan Philips yn Drachten stie sneon yn de brân. Alteast, dat waard neispile foar de Noardlike Brânwachtkampioenskippen. Alve teams besochten sa gau mooglik minsken te rêden út it baarnende gebou.

En ek oare needsituaasjes moasten oplost wurde. De korpsen wisten yn it foar net watfoar opdracht se krije soene, en mochten fan te foaren ek net it terrein op. De trije bêste korpsen geane troch nei de folgjende ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)