CHN-studinten winne priis

© Omrop Fryslân
Studinten fan de Retail Businessschool yn Ljouwert ha it nasjonale kampioenskip 'Students in free enterprise', SIFE, wûn. Dat diene se mei inkelde wurkgelegenheidsprojekten yn in township yn Súd-Afrika, dy't se opset en begelaat hiene.
De Retail Businessschool makket diel út fan de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân, de CHN. It Fryske team hat in reis wûn nei Toronto, dêr't yn oktober de wrâldkompetysje hâlden wurdt.