Fytsers mishannele op It Fean

22 maaie 2005 - 14:28

Twa fytsers binne sneon op it Breedpaad op It Hearrenfean troch in oare fytser mishannele. In noch ûnbekende fytser fûn dat it twatal, in man en in frou, net foarsichtich genôch wie mei oerstekken.

De frou krige in stomp. Doe't de man der wat fan sei krige er in skop. Letter seagen de slachtoffers de man wer fytsen en sprutsen se him oan op syn gedrach. De man krige noch in slach op de kaak. De dieder naaide dêrnei út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)