Kampearwykein foar handikapten

© Omrop Fryslân
Op kamping De Rakken yn Wâldsein wurdt dit wykein it jierlikse kampearwykein foar minsken mei in handikap hâlden. Der is tsjintwurdich in ferskaat oan foarsjennings.
De stifting Handicamp fynt dat der foldwaande kampings binne yn Nederlân dy't goed tagonklik binne foar minsken mei in handikap. Problemen binne der oer it generaal noch wol mei de tastân fan it terrein en de tagonklikheid fan it sanitêr.