'Harksit oer Lauwersmargebiet'

21 maaie 2005 - 14:09

De steatefraksjes fan de PvdA yn Fryslân en Grinslân fine dat der in mienskiplike steateharksit komme moat oer de wetterhúshâlding yn it Lauwersmargebiet. No wurdt der noch yn lytse kring praat oer hoe't it yn de takomst komme moat mei it wetterbehear yn it gebiet.

Der binne ferskillende belangen fan partijen lykas de wetterskippen, natuerorganisaasjes, it toerisme en boeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)