Iensidich ûngelok Kollumersweach

21 maaie 2005 - 13:33

By in iensidich ûngelok op de Foarwei yn Kollumersweach is freedtemoarn betiid in 24-jierrige ynwenner fan De Westerein ferwûne rekke. De man woe in oare auto ynhelje, mar is nei alle gedachten skrokken fan in ferkearsdrompel.

Hy ferlear de macht oer it stjoer en ried tsjin in beam. Ek syn passazjiers, in 42-jierrige frou en in 15-jierrige jonge fan De Westerein moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)