Wilders wol net yn Faktor Freed

© Omrop Fryslân
Geert Wilders komt freedtejûn net yn it TV-programma Faktor Freed by Omrop Fryslân TV. Wilders wol nammentlik net oan tafel sitte mei ien fan de oare haadgasten oan tafel, Foppe De Vries.
De Vries is frijwilliger foar de stifting Beter Europa, dy't kampagne fiert foar in ja-stim yn it kommende referindum oer de Europeeske grûnwet. Wilders wol net yn diskusje gean mei De Vries omdat er him net fan genôch nivo achtet.