Fuotbalfans tsjin registraasje

© Omrop Fryslân
Supportersferieniging Nieuw Noord fan sportklub Hearrenfean is net bliid mei de pasfotoregistraasje foar fuotbalsupporters. Minister Remkes fan Binnenlânske Saken wol dit systeem ynfiere. Dat betsjut dat supporters pas in wedstriid sjen kinne at sy bekend binne by de klub mei in pasfoto. Soks soe de feilichheid ferbetterje.
Foarsitter Visser fan Nieuw Noord fynt dat it stadion mei it systeem minder tagonklik wurdt foar fuotbalfans.