Nije tips oer dea Fokko Werkman

21 maaie 2005 - 13:12

De plysje hat fjirtjin nije tips krigen oer de moard op Fokko_Werkman. Werkman waard oktober 2003 om it libben brocht yn syn kafee yn De Haule. Neffens de plysje binne fjouwer tips ynteressant. Dy wurde op dit stuit ûndersocht.

Tongersdei joech Peter_R._de_Vries yn syn misdiedprogramma op SBS6 omtinken oan de moard. Dêrby waard ûnder oare wiisd op de ôfdruk fan in skoech dy´t fûn is by it kafee. It giet om in skoech mei maat 47 en in heal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)