'NK skaken wer yn Ljouwert'
De kâns bestiet dat it Nederlânsk Kampioenskip Skaken nei 2006 dochs wer yn Ljouwert spile wurdt. Dat seit organisator en bestjoerslid Sytze Faber fan it Nederlânsk Skaakbûn.
Tongersdei waard bekend dat Ljouwert de organisaasje foar it NK yn 2006 kwyt rekket oan Hilversum. Dizze stêd hat mear sponsorjilden byelkoar helle. Faber wol besykje of't it NK Skaken nei 2006 wer yn Ljouwert hâlden wurde kin. Dan moatte der wol genôch sponsors wêze.