125 jier Van der Meulen Snits

© Omrop Fryslân
Boartersguodymporteur en kaartemakker Van der Meulen út Snits bestiet 125 jier. Freed waard der in jubileumfeest fierd en it nije ûnderkommen fan it famyljebedriuw offisjeel iepene.
It famyljebedriuw is grut wurden mei it meitsjen en ferkeapjen fan ansichtkaarten. Hoewol't de ansichtkaart hieltiid mear konkurrinsje krijt fan it ynternet, giet it hielendal net min mei dit bedriuwsûnderdiel fan Van der Meulen.