Cambuur einiget seizoen mei 2-2
Cambuur hat in puntsje oerhâlden oan de lêste wedstryd fan it seizoen. Yn en tsjin Haarlem waard it 2-2. Haarlem kaam twa kear op foarsprong. Jan Bruin soarge twa kear foar de lykmakker. Bruin spile nei alle gedachten syn lêste wedstryd yn it proffuotbal.
Troch dit resultaat einigje de Ljouwerters op it njoggende plak. By Haarlem naam trener Roy Wesseling ôfskie. Hy is takom jier de nije trener fan Cambuur.