Van Klaveren wurdt boargemaster

20 maaie 2005 - 17:40

De eardere Fryske deputearre Gerard van Klaveren (54) wurdt de nije boargemaster fan Weststellingwerf. Dat hat it ministearje fan Binnenlânske Saken freed bekend makke.

Van Klaveren wie fan 1995 oant 2003 deputearre foar de VVD. Van Klaveren begjint op 1 july mei syn nije funksje. Hy nimt de taak oer fan boargemaster Heite, dy't per 1 juny ôfskie nimt fan Weststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)