'Webbuorden' yn Teridzert
Om de nammebekendheid te fergrutsjen, hat it webteam fan de webside www.ter-idzard.nl 'webbuorden' pleatst op de gemeentlike plaknambuorden yn Teridzert. Dat is bard yn oerlis mei de gemeente.
De ynternetside jildt foar trije doarpen. Dêrom sil yn de folgjende fazen ek de doarpen Nijeholtwâlde en Aldeholtwâlde fan sokke buorden foarsjoen wurde.