NK Skaken út Ljouwert wei

20 maaie 2005 - 14:23

It Nederlânsk Kampioenskip Skaken ferhuzet takom jier fan Ljouwert nei Hilversum. Mei de ferhuzing nimt ek it tal dielnimmers ta. Sawol by de manlju as de froulju kinne tenei tolve minsken meidwaan. No binne dat noch tsien manlju en seis froulju. It gruttere tal dielnimmers is mooglik omdat der mear sponsorjild beskikber komt.

It NK Skaken wurdt sûnt 2002 yn Ljouwert hâlden. De edysje fan 2005 stiet foar septimber pland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)