Nominaasje evenemintepriis

© Omrop Fryslân
Snits en Harns binne nominearre foar de Nasjonale Evenementeprizen. De Snitswike falt ûnder de kategory 'bêste stêdpromoasje-evenement'. Mei it SKS-kampioenskip skûtsjesilen docht Snits ek mei yn bêste regio-evenemint. Dêryn bis fierders Harns nominearre mei de Fiskerijdagen.
De bekendmakking fan de winners fan de evenementeprizen is op 24 maaie yn Den Haag. Mei-elkoar meitsje tsien stêden kâns op in priis.