Fermiste Snitser wer terjochte

© Omrop Fryslân
De fermiste Snitser is wer terjochte. Hy waard tongersdei fûn yn in winkel yn Emmeloord. Earder wie al dúdlik wurden dat mei syn pinpas jild opnommen wie by in winkel yn de polder.
De man waard sûnt ferline wike freed fermist. De plysje hat dizze wike de bosk by Sint Nyk trochsocht mei fyftich man ME. De man is depressyf. Earst wie de plysje benaud dat der wat mis wie, mar doe't de pintransaksje bekend waard, kaam der wer hope.