Provinsje wol jeugdynrjochting

19 maaie 2005 - 16:22

De provinsje wol in jeugdynrjochting foar jongeren mei slimme gedrachsproblemen yn Fryslân. No bedarje sokke jongeren faak yn jeugdfinzenissen, dêr't se eins net thúshearre.

De ynrjochting moat plak biede oan hûndert jongeren mei sokke problemen. Dat moat wurk jaan oan hûndert man. It giet om iepen ynrjochtingen dêr't de jongeren behannele wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)