Jild nei Radius Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De stifting Radius krijt fan de gemeente Frjentsjerteradiel goed 3,5 ton ekstra. Radius bestjoert njoggen iepenbiere basisskoallen yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Twa jier lyn krige Radius al fjouwer ton, mar dat wie al gau net genôch.
Trije bestjoersleden leine fanwege de jildkrapte har funksje del. Mar nei lange gesprekken krijt Radius der no jild by. Dat wurdt brûkt foar ûnderhâld en nije kompjûters en meubels.