Earste peal nije Piter Jelles

19 maaie 2005 - 15:57

Yn Ljouwert is tongersdei de earste peal slein foar de nijbou fan de skoallen Piter Jelles Junior en Piter Jelles De Brêge. Beide skoallen sitte no noch op twa lokaasjes. Fan takom jier ôf komme se mei inoar op ien plak, oan it Kealledykje yn Ljouwert.

De nije skoalle komt op in eilân te stean. De earste peal is slein troch wethâlder Krol. De heipeallen binne beskildere troch learlingen fan Piter Jelles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)