Grut ûnderhâld by UPC

© Omrop Fryslân
Kabelbedriuw UPC begjint ein maaie mei grut ûnderhâld. Yn twa moanne tiid wurde ûnderdielen fan it netwurk yn Ljouwert, Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel, Boarnsterhim, It Hearrenfean en Smellingerlân ferfongen. Klanten fernimme neat fan it wurk, omdat it foaral nachts dien wurdt. Oerdeis moat it televyzje- en radiosinjaal soms in kear ûnderbrutsen wurde. Ein july is it wurk klear.