Klûs swimbad Flylân stellen

© Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe woansdeitenacht de klûs fan it swimbad op Flylân stellen. De dieders binne deryn kommen troch de ljochtkoepel fan swimbad Flydunen. Se hawwe de hiele klûs meinommen mei dêryn hûnderten euro's.
De bedriuwsleider is alhiel net bliid mei de stellerij. Der is in tekoart op de begrutting en dat komt dit der ek nochris by, sa lit er witte. De plysje stelt in ûndersyk nei de ynbraak.