Nij ferfierssysteem giet troch
Provinsjale steaten binne akkoart gien mei de saneamde houtskoalskets fan Deputearre Steaten, dêr't it ABC-systeem foar it iepenbier ferfier yn beskreaun wurdt. A-linen foar de rûtes mei in soad passazjiers en B-linen dy't allinne drok binne yn de spits. De saneamde buert- en doarpsbussen foarmje de C-linen.
Minsken moatte op de C-linen in taslach fan twa euro jaan. Dêrom ha SP, D66, PvdA, Grienlinks en CU/SGP tsjinstimd.