No al 10.000 yn Modelspoarmuseum
It Modelspoarmuseum yn Snits hat in rekordtal besikers lutsen. Sûnt de iepening yn jannewaris hawwe der tsientûzen minsken west. Dat is trijekwart fan it tal dat it museum oer hiel 2005 ferwachte hie. Boppedat hat it museum noch noait earder mear as tsientûzen besikers per jier hân.
De tsientûzenste besiker hat in bosk blommen en in aardichheidsje krigen.