Middelseerûte offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
De Middelseerûte is woansdeitemiddei iepene troch steatssekretaris Van Gennip fan Ekonomyske Saken. Trije jier nei de start fan it Fryske Marreprojekt is as earste de âlde frachtrûte tusken Ljouwert en Snits befarber foar plezierboaten.
De Boazumerfeart is ferbrede en ferdjippe. Oant no ta binne der alve brêgen ferhege. Ek binne der in nije slûs en brêge boud. It projekt duorret noch oant 2010 en kostet 320 miljoen.