Nij oanknopingspunt moard Haule

© Omrop Fryslân
De plysje siket yn de moardsaak-Haule nei in man mei grutte fuotten. By it kafee dêr't kastlein Werkman om it libben brocht is, binne spoaren fûn fan skuonmaat 47,5. It giet om skuon fan it merk Nike, type Trooper.
Werkman is yn oktober 2003 fermoarde yn syn hûs achter it kafee. De saak is oant no ta noch net oplost. Peter R. de Vries jout tongersdei yn syn misdieprogram op televyzje wiidweidich omtinken foar de moard yn De Haule.