Beslút oer Spanjaardsleane

© Omrop Fryslân
Op de Spanjaardsleane yn Ljouwert komme gjin ferkearsremmende maatregels, sa hawwe B en W besletten. De buert klaget oer it drokke ferkear op de 30-kilometer-dyk. Dat komt omdat in oare trochgeande rûte de stêd yn ôfsletten west hat. De Froupoartsbrêge is no wer iepen en dêrom binne maatregels net mear nedich, fynt it kolleezje. Dizze wike wurdt der in ferkearsûndersyk dien, om te sjen hoefolle auto's der no noch del ride.