Swiere kaakslach yn Balk
In 26-jierrige man út Sint Nyk is it ôfrûne wykein swier mishannele yn in hoarekagelegenheid yn Balk. Dat is no earst bekendmakke.
De man krige klappen by in rûzje. Earst waard tocht dat syn ferwûnings tafoelen. Mar yn it sikehûs die bliken dat er de kaak stikken hie. De man is ûnderwilens operearre yn it sikehûs.